FANDOM

1,952,977 Pages

StarIconGreen
LangIcon
De Grouster Weagen

This song is a Traditional.

Watch video at YouTube
Earste kûplet:
Rôlje, rôlje, wetterweagen,
Rôlje en en brûs om it âlde Grou!
Miriaden foar ús eagen.
Fleagen, stauwen om ús Grou;
Rôlje, rôlje ús foarby!
Hurde Friezen bliuwe wy!
Hurde Friezen bliuwe wy!

Twadde kûplet:
Rôlje, polskje, Fryske weagen,
Rôlje en wâlje om 't âlde Grou!
Brûs en wiggelje âlde weagen,
Kroanje de âlde rûne trou!
Rôlje, wâlje âlde Grou,
Byld fan echte Fryske trou (twaris)

Tredde kûplet:
Heit en mem binn' hjir bedutsen,
Berntsjes, twiichjes fan myn hert.
Suchten binne hjir ferbrutsen,
Dy't myn God allinne heart.
Hiel myn libben fleach foarby,
Alde trouwe Grou, by dy. (twaris)

Fjirde kûplet:
Rôlje, rôlje, Grouster weagen!
Brûs en spiel jit om myn grêf;
Libjend koe 'k dy net besjonge,
Spiel my deade wei as tsjêf.
Lit myn berntsjes leaf en frij.
Roeie en djoeie dan yn dy (twaris)

Fiifde kûplet:
Rôlje, rôlje, wetterweagen,
Rôlje en brûs om 't âlde Grou!
Miriaden foar ús eagen.
Fleagen, stauwen om ús Grou;
Rôlje, rôlje ús foarby!
Hurde Friezen bliuwe wy! (twaris)

External links